Ljouwerter berôvet ûndernimmer yn Camminghabuorren

© ANP XTRA
De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei in 20-jierrige Ljouwerter oppakt dy't in oar berôve hie. De berôving wie efkes earder yn de wyk Camminghabuorren.
De 20-jierrige fertochte twong in ûndernimmer om jild te pinnen. It slachtoffer belle dêrop de plysje, dy't op basis fan kamerabylden de fertochte werkende. De fertochte koe net lang dêrnei oanhâlden wurde yn it sintrum fan de stêd.
De plysje hat beslach lein op in jildbedrach en hat de saak yn ûndersyk.