Blydskip oer útstel sluting smookromten yn hoarekasaken

© Omrop Fryslân
Ald-foarsitter fan Keninklike Hoareka Fryslân Baukje de Vries is wiis mei it beslút dat hoarekasaken twa jier de tiid krije om harren smookromte te sluten. "Eerst hing het zwaard van Damocles boven ons hoofd. We waren bang dat we binnen enkele weken onze rookruimte moesten verwijderen." De Vries, eigener fan de Ierske pub Paddy O'Ryan yn Ljouwert, krijt no de tiid om wat oars te betinken foar de smookromte yn har pub.
Sûnt 2008 jildt der in smookferbod yn de hoareka en mei der allinne yn spesjale romten noch smookt wurde. It gerjochtshôf yn Den Haag bepaalde lykwols yn febrewaris dat ek dy smookromtes ticht moatte. Steatssekretaris Paul Blokhuis fan Folkssûnens hat tongersdei witte litten dat hoarekasaken dêr twa jier de tiid foar krije.
Teloarstelling
Baukje de Vries bliuwt teloarsteld oer it beslút dat spesjale smookromtes ticht moatte. "Het blijft kapitaalvernietiging", seit De Vries. "Ik heb aardig wat geld geïnvesteerd in een speciale rookruimte. Daar werd ook veel gebruik van gemaakt." De Vries sil no neitinke oer wat der op it plak fan de smookromte komme moat. "Misschien kan iemand een mooie kast voor me maken. En anders wordt het een nieuwe zithoek."