Welmoed Deinum is meast duorsume jonge boer fan Fryslân
Welmoed Deinum is de meast duorsume jonge boer fan Fryslân. Sawol de sjuery as it publyk keazen foar Deinum as winner. Deinum is 24 jier en hat mei har âlders in biologysk-dynamysk melkfeebedriuw yn Sondel. De kij rinne dêr in soad bûten en ite gers en krûden. Fleisfeeboerinne Nynke de Jong fan Feanwâlden krige de twadde priis, tomatekweker Marco van Overbeek fan Bitgum de tredde.
De ferkiezing is in gearwurking fan de provinsje Fryslân, it Nordwin College en Agrarische Jongeren Friesland. De priis hat as doel om duorsumens yn de sektor te stimulearjen. Ek is it in wurdearring foar jonge minsken dy't it lef ha om in agrarysk bedriuw oer te nimmen of te begjinnen.
It is foar de twadde kear dat de priis útrikt is. De earste edysje wie yn 2015.