Dokkumer (27) langer fêst foar poging deaslach op freondinne

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In 27-jierrige Dokkumer bliuwt foarearst fêstsitten foar swiere mishanneling fan syn freondinne. Hy soe har meardere kearen tsjin de holle skopt ha. Op 24 maaie moat de man terjochte stean foar poging ta deaslach. De rjochter hat no bepaald dat er oant dy tiid yn foararrest bliuwt.
De Dokkumer hat yntusken mei in psycholooch praat. It wachtsjen is op it rapport dêrfan. Neffens de offisier fan justysje is de konklúzje dat de kâns op werhelling fan húslik geweld grut is. De Dokkumer is al earder feroardiele omdat er syn freondinne mishannele hat. Hy siet fan dy straf noch yn syn proeftiid.