Rebûlje oer it mooglik fertutearzjen fan bisten by pensjon

Der is rebûlje oer bistepensjon Phoeniks yn Ychtenbrêge. De eigener soe de hynders dy't dêr ûnderbrocht wurde, net goed fersoargje. Ek de kij en oare bisten soene fertutearze wêze.
De Nederlânske Voedsel-en Warenautoriteit, de NVWA, hat al in pear kear op besite west by it bedriuw. Neffens guon belutsenen soene de bisten fertutearze wêze, net genôch iten krije, en ek de dong soe heech opsteapele lizze. Hynstetoskedokter Ronald Slob is ien fan de minsken dy't oan de belle luts. Hy wie trije wike lyn noch yn Ychtenbrêge, en hy hat noed oer it bedriuw. "Dit soort bedrijven zijn broeinesten van ziektes, er lopen daar geiten en schapen. Dit zijn die bronnen waar de Q-koorts of iets dergelijks ontstaat."
'Genoeg is genoeg'
Hester de Groot fan Poppenwier hie njoggen hynders en ponnys yn it pensjon ûnderbrocht, mar hat se woansdei foarearst wer meinaam. "Wy hawwe op in gegeven momint sein 'genoeg is genoeg', dit wolle wy net mear," sa fertelt De Groot.
Eigener De Jong seit dat hy goed op de bisten past en dat de krityk nearne op basearre is. "It is klinkkleare nonsens, der kloppet hielendal neat fan, se kinne alles fan my sizze, mar ik bin hiel goed foar myn bisten." Neffens De Jong moat er wol goed foar syn fee soargje om't er oars gjin ynkomsten hawwe soe: "Dan rinne se allegearre fuort, en op dit stuit haw ik hjir net in soad ferrin."
Stekproef
De Groot hat har hynders no wol by De Jong weihelle. Se seit dat De Jong op syn gedrach oansprutsen is, en dat it dan faak wol wat better gie, "mar dêrnei rûn it dan ek wer hurd achterút." De Jong seit dat De Groot in útsûndering is, en dat der noch genôch bisten by him ûnderbrocht wurde.
De NVWA wol op dit stuit gjin kommentaar jaan. De kontrôle fan de ynstânsje wie neffens De Jong rûtine: "Dat is gewoan in stekproef."