Taksybedriuw NOF hat tenei AED's yn taksys en rolstoelbussen
Taksybedriuw NOF út Kollumersweach is it earste yn Fryslân mei AED's yn de taksys en rolstoelbussen. AED's binne apparaten dy't by in hertstilstân it hertritme wer op gong krije. De sjauffeurs ha in training hân om mei de apparaten om te gean. Neffens de direkteur fan it taksybedriuw is dit baanbrekkend yn de taksywrâld.
"Dit is echt baanbrekend in de taxiwereld", seit Jessica van der Heiden, direkteur fan Taxi NOF. "Ik ben er echt onwijs trots op dat we AED's hebben kunnen realiseren in de taxi's. Nog trotser ben ik op onze chauffeurs die hier ook achter staan en zich aan willen melden bij het burgerhulp-verleningsnetwerk!"
Taxi NOF uit Kollumerzwaag leveret deistich trettjin weinen foar it WMO-ferfier foar de gemeenten Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel. De rezjy fan dit ferfier is yn hannen fan mobiliteitssintrale JoBinder.