Dokkumer bedriuw nimt fiif fêstigingen yn Tsjechië oer

© http://www.optima-recruit.nl
It Dokkumer bedriuw Optima Recruitment nimt de Tsjechyske aktiviteiten oer fan konkurrint Maintec CZ. It giet om fiif fêstigingen yn Tsjechië, wêrûnder it haadkantoar yn Praag.
Optima yn Dokkum is spesjalisearre yn it finen fan heech kwalifisearre personiel, foar fakatueren dy't dreech yn te foljen binne. It bedriuw waard yn 1990 oprjochte yn Noard-Ierlân. Yn 2006 kaam it yn Nederlânske hannen en is der in kantoar yn Dokkum kaam, oan de Burdaarderstrjitwei.
Oanlûkende arbeidsmerk
De direkteur fan Optima, dat is Koop Mulder, sjocht yn de oername yn Tsjechië in moaie kâns om yn te spyljen op de oanlûkende arbeidsmerk yn Tsjechië. De kantoaren bliuwe earst wurkjen ûnder de namme Maintec, mar wurde letter opnaam yn it bedriuw fan de nije eigener.