Kollum: "Beskamsum"
"Boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf hat by de ynstallaasje fan syn nije ried sein dat se ophâlde moatte mei populisme. Mar dat dienen se krekt net. Se reagen de grutste partij dêre, de SDW, oan de kant. Dy mei fan alle oaren net begjinne te formearjen. Dat komt om't de PvdA yn dy kombinaasje sit. En yn Denemarken meie de PvdA-ers populist wurden wêze, hjir preekje Wilders en Baudet noch wat oars. De VVD Weststellingwerf folget. Beskamsum.
We krije oeral wrâldferneamde ynformateurs. Achtkarspelen moast sels efkes wachtsje, want Joop Atsma siet noch by de Matthäus Passion yn Leipzig. Mar it is dochs hiel simpel? Of sa’t boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean seit, transparant. Hy bedoelt dat se neat ôfprate hoege, alles gewoan oan de boarger freegje. Alles duorret dan wol tsien kear sa lang, mar dan hoege je yn elk gefal gjin hotemetoten by de formaasje. Want dat je soks sels net kinne is beskamsum.
Elkenien fynt it moai dat Lutz Jacobi direkteur fan de Waadferiening wurdt. Se hoecht inkeld de drones boppe it Waad noch mar del te sjitten. Fierder is it dêr wol klear. Kin se de Iselmar der net by dwaan? Gjin fiskers, gjin fisk, gjin Doede mear. En dy ferdomde wynmûneparken. En in sânôfgraving by Rotterdamse Hoek yn it Fryske sicht mei in ultragrut wurkeilân. Lis dêr gewoan in pear baggerskippen del, sa’t we altyd dien ha. Dit is beskamsum.
It smyt ommers ek noch hast neat op. Watte, we ha hielendal gjin ferlet fan jild hjirre. We ha Lykele Jansma yndertiid foar idioat útmakke doe’t hy Frysk jild útjaan woe en no slaan Ferd en Sytske Fryske fyfkes. Dy kinne je inkeld mar mei karnaval yn Blauhús (Fifkesryk) útjaan. We liene grouwélich jild oan Seelân, teminsten as Brok dêr tenei mei bestjoere mei. Immen hat op de Ofslútdyk 81 miljoen ferlern. Foardat immen wat sein hat, hat Fryslân it al yn de slûs fan Koarnwertersân kwakt. Oer de miljoenen dy’t noch yn de Blokhúsbak stutsen wurde moatte wurdt loftich hinne fytst. En as Jehannes Kramer efkes sunich oan wol mei it oankeapjen fan fûgeltsjelân krijt hy in moasje fan ôfkarring oan de broek. Allegearre beskamsum.
Mar we ha net in sint oer foar in blêd fan de Ried fan de Fryske Beweging. Wurdt in healjier letter. En dan noch, nimmen wol meibetelje. Dat komt fansels om't it in soarte Frysk en Frij wurde moat, en dêr lizze noch in soad oer yn betizing. Mar we moasten al dy Dútsers dy’t mei de Peaske kamen wol fertelle wat Frysk no krekt is. Mar de arke yn de Prinsetún, dêr’t se yn moasten omdat it bûten sa stonk fan harren eigen peaskebulten, wie lek en sonk. Dat it Frysk fertutearzet is net sa slim, mar in sinkend skip yn Fryslân is beskamsum.
Yndertiid fertelde de gemeente De Fryske Marren de befolking fan Balk oer it azc. Mei in efter de doar steande boargemaster Aalberts en in swijende wethâlder Durksz, dy’t gjin fraach beänderje koe oer de needsaak fan sa’n azc. No witte we, as sa faak, dat earder beslissingen toetse wichtich is. It azc moat no wer fuort. Beskamsum, seker foar de minsken dy’t dêr wenje.
As der yn Noardeast-Fryslân in soad stellen wurdt, grypt de plysje net yn, mar set matriksbuordsjes by de dyk. Ik zeg het toch weer hoor. De mûle bruts ús iepen. Beskamsum.
Mar it meast beskamsum wie dy direkteur fan it Drachtster sikehûs. Dy giet fuort. Dan komt der in ferhaaltsje yn de krante. Dêr stiet yn dat syn sikehûs ideaal wie en dat de oaren net doge. Hy wol yn hiel Fryslân noch mar twa spoedeaskjende helpen ha. Fjouwer kinne we hjir net yn stân hâlde. Seit hy. Snits doocht net, It Hearrenfean doocht net…. En eins kinne we ek bêst sûnder de Dokkumer Sionsberg. Seit hy. Sokken witte dus hielendal neat fan it Fryske plattelân. Ha noch noait mei de auto fan Blauhús nei Gaast hoegd. De arrogânsje fan sok altyd better wittend folkje is o sa beskamsum.
Ik bin bliid dat it maaitiid is en de brêgen wer iepen binne. Yn Fryslân bart der no sân moanne neat mear. Kinne je je ek net ergerje. Hearlik."