Auto op kop yn sleat by Nijetrine, bestjoerder ferwûne
By in ûngelok by Nijetrijne is tiisdeitejûn in ferwûne fallen. De bestjoerder ried mei syn auto op de Pieter Stuyvesantweg. Dêr ried de automobilist de berm yn, klapte oer in ôfrastering en kaam mei de auto op de kop yn de sleat telâne.
De persoan is der troch de brânwacht út helle. Hy of sy is oerdroegen oan ambulânsepersoniel. Oer de ferwûningen is noch neat bekend.