Grut ûnderhâld brêge Ofslútdyk, ferkear moat oer ien rydbaan

Rykswettersteat set kommende moandei útein mei grut ûnderhâld oan de noardlike draaibrêge op it Fryske part fan de Ofslúdyk. Der wurdt ûnder oare in automatysk kuolsysteem pleatst. Dat moat yn de takomst foar minder steuringen soargje.
It wurk duorret oant en mei 26 april. Ferkear op de Ofslútdyk moat yn dy perioade rekken hâlde mei in ekstra reistiid fan 10 oant 30 minuten. It ferkear kin allinnich oer de súdlike draaibrêge.
Skipfeartferkear hat oant en mei 22 april ien trochferat troch de Lorentzslûzen. De lêste dagen fan de wurksumheden is gjin skipfeart mooglik.