Fryske bedriuwen meitsje kâns op Koning Willem I Plaquette

De nominearren foar de Koning Willem I Plaquette © Koning Willem I Stichting
Twa Fryske bedriuwen meitsje kâns op de lanlike Koning Willem I Plaquette foar duorsum ûndernimmerskip. Dat binne ôffalbedriuw Omrin út Ljouwert en boubedriuw Dijkstra Draisma út Boalsert. Mei-inoar tolve bedriuwen binne nominearre.
De Koning Willem I Plaquette in priis dy't bekendheid jout oan positive, duorsume ûntwikkelingen yn de Nederlânske ekonomy. Hy wurdt útrikt op 28 maaie. De priis komt fuort út it Ei van Columbus, in priis dy't ea troch de ryksoerheid yn it libben roppen is.
Dijkstra Draisma waard earder ek al nominearre yn in oare kategory fan de Koning Willem I priis, de priis foar it bêste ûndernimmerskip.