Jong Cambuur fia derby nei bekerfinale

Jong Cambuur hat de finale helle fan it bekertoernoai troch mei 6-0 fan Jong Hearrenfean te winnen. By rêst wie de wedstriid al spile.
Nei seis minuten kaam Cambuur nei in frommelgoal al op 1-0 troch Ibrahim Touré. Hearrenfean kriget fia Veerman en Rojas grutte kânsen, mar yn de 39e minút makke Rutger Etten fraai 2-0. Hy dolt ferdigener Magnussen en sjit him knap yn. Twa minuten letter makket Danny van Haaren 3-0 nei in goede aksje fan Issa Kallon. Krekt foar rêst skoart Etten syn twadde út in penalty en bringt de rêststân op 4-0.
Nei rêst koe it troch in reade kaart foar Boutzamar fan Cambuur miskien wer spannend wurde, mar yn de 61e minút makket Mannes troch in penalty 5-0. Hearrenfean krige tsjin tsien man gjin inkelde kâns. Ynfaller Yordi Schols krige yn de twadde helte de bal op 30 meter fan de goal en mei in skitterjende lob passearre er keeper Bekkema. Dêrnei brocht er de stân op 6-0.
Opstellingen:
Cambuur: Bos, Den Hoedt, Montsma, Van den Beemt, Toure, Mannes (66. Schols), Boutzamar, Etten, Kallon, Conraad (87. Amatsaleh) en Van Haaren.
Hearrenfean: Bekkema, Sanches, Naess, Magnusson, Borges (45. Borges), Bruijn, Van Amersfoort, Hornkamp, Rojas (69. Ras), Veerman en Mihajlovic.