Waadferiening siket donateurs foar ûndersyk nei fiskstân
De Waadferiening hat grutte soargen oer de fiskstân yn de Waadsee. Der is hieltyd minder fisk, en de fisk dy't der is, is lytser en meagerder as oars. Dat docht bliken út ûndersyk fan it NIOZ. De fiskstân en de kwaliteit fan de fisk hat ek gefolgen foar fûgels en seehûnen. Oan de oare kant kin de fermindere fiskstân krekt ek komme troch it gruttere tal seehûnen, want seehûnen ite in soad fisk. Mei in nije jildaksje wol de Waadferiening jild ophelje om der helderheid yn te krijen wat der krekt spilet. Dy aksje hjit 'Elke vis telt' en dêrfoar wurde 225 donateurs socht.
Dat is hurd nedich, seit Lies van Nieuwerburgh fan de Waadferiening. De Waadferiening wol in rike Waadsee dêrt elk wat oan hat: fan de natuer en de natuerleafhawwers oant de fiskers, seit Van Nieuwerburgh. Foar in rike see is it goed dat der in soad ferskillende soarten binne. Van Nieuwerburgh har 'dreamfisk' is de grutte roch. As dy op gruttere skaal werom wêze soe, dan soe dat 'supermooi' wêze, seit se.