FIDEO: Oaljefantsje Mauk yn Wildlands "hiel bysûnder"
Haad-bistefersoarger yn Wildlands Wybo Walstra neamt de berte fan it oaljefantsje Mauk "hiel bysûnder". It is de earste berte yn de 'Olifantenvallei' fan it nije park yn Emmen. Troch Walstra, dy't fan Surhústerfean komt, hat it feest ek in Frysk tintsje krigen.
Neffens Walstra is der noch in oaljefantsje op komst by Wildlands. "Wy ferwachtsje dit jier noch ien. Dat kin elk momint dizze maitiid komme."