Spûkrider op Wâldwei wie ûnder ynfloed fan drank of drugs

© BTB Fotografie
De spûkrider dy't peaskemoandei foar in gefaarlike situaasje op de Wâldwei soarge, is oanhâlden om't hy ûnder ynfloed fan drank of drugs wie. De plysje hat it rydbewiis fan de 26-jierrige Ljouwerter ynnaam.
De automobilist ried slingerjend tsjin it ferkear yn, yn de rjochting fan Drachten tusken de ôfslaggen Garyp en Nyegea. De Ljouwerter rekke fjouwer auto's. Syn eigen auto kaam tsjin de fangrail yn de middenberm ta stilstân. De plysje wist troch gau yn te gripen slimmer foar te kommen. Der rekke net ien ferwûne.
De spûkrider sit noch fêst foar fierder ûndersyk.