Gefaarlike situaasje op Wâldwei troch spûkrider

© BTB Fotografie
In spûkrider hat peaskemoandei op de neimiddei op de Wâldwei foar nuodlike situaasjes soarge. De automobilist ried yn de rjochting fan Drachten, tusken de ôfslaggen Garyp en Nyegea, tsjin it ferkear nei Ljouwert yn. De bestjoerder soe dêrby ferskate auto's auto's rekke hawwe. De auto fan de spûkrider kaam tsjin de fangrail ta stilstân.
De plysje wie manmachtich oanwêzich nei it ûngelok, ek om mei tsjûgen te praten. Ien fan dy tsjûgen sei tsjin Omrop Fryslân dat de auto slingerjend oer de dyk ried. Der binne gjin ferwûnen fallen by it ûngelok. It bleau by blikskea. Der is minstens ien persoan oanhâlden, dy't oerbrocht is nei it plysjeburo. Troch it ynsidint ûntstie in lange file.