Harkemase Boys wint mei lyts ferskil fan Jong Twente

Dennis van Duinen © Orange-Pictures
Harkemase Boys hat op peaskemoandei yn de tredde difyzje yn Hengelo belangrike punten pakt. Nei trije nederlagen op rige wûn de ploech fan Henk Herder no op besite by Jong FC Twente: 0-1. Dennis van Duinen makke yn de twadde helte de iennige goal fan de wedstriid.
Foar it skoft fuotballe de thúsploech wat makliker, mar ek Harkemase Boys krige kânsen. Berwout Beimers skeat fan ôfstân. Twentekeeper De Lange koe der noch krekt in hantsje tsjinoan krije. Oan de oare kant hie spits Jari Oosterwijk in grutte kopkâns, mar hy rekke de bal net goed.
Betiid yn de twadde helte kamen de Harkiten op foarsprong. Dennis van Duinen skeat de bal fia ûnderkant latte achter de Twentekeeper. Nei de 0-1 krige Harkemase Boys it hieltyd dreger. De druk fan Jong FC Twente waard hieltyd grutter en de thúsploech krige ek kânsen. Frimann en Van Schaik misten beiden goede mooglikheden op de lykmakker.
Jong FC Twente - Harkemase Boys 0-1 (0-0) 49. Dennis van Duinen 0-1