Fryske fersoarger is wiis mei de nije oanwinst yn Wildlands

Yn bistetún Wildlands yn Emmen is sneintenacht in oaljefant berne. It kealtsje weaget 100 kilo en hat de namme Mauk krigen. It is de earste berte yn de 'Olifantenvallei' fan it nije park. It nijs hat ek in Frysk tintsje: haad bistefersoarging yn Wildlands is Wybo Walstra fan Surhústerfean. De berte is neffens him goed gien, it wie it fiifde kealtsje fan de mem.
"Wy binne der hiel wiis mei. It is in prachtich mantsje, moai stevich mei in protte hier. Hy rint strak tusken syn mem en tante yn," fertelt Wybo Walstra. Der wie wol kameratafersjoch yn it hok fan de mem, mar de fersoargers seagen it mantsje moandeitemoarn betiid pas. "Myn kollega kaam om kertier foar sânen yn de stâl en doe seach er him al rinnen. In jong oaljefantsje bliuwt bysûnder. In oaljefant hat in draachtiid fan 22 moannen. En in jonge oaljefant lûkt altyd in protte minsken."
By in oaljefant is it net maklik om it geslacht te sjen. "As se stean, sjochst it ferskil net, pas by it pisjen wurdt it dúdlik. It bistje liet syn leuterke sakje en doe wisten we it dus."
De mem waard sels 26 jier lyn as earste oaljefant yn Emmen berne. De keppel telt no njoggen oaljefanten, mar wie yn it ferline grutter. It park wol de groep wer útwreidzje, no't de oaljefanten yn har eigen hoeke in soad romte ha. Eins hie Walstra op in wyfke hope, mar "dit is in moaie keardel." Mantsjes ferlitte it park as se in jier as acht of njoggen binne.