Gjin sirenes om 12.00 oere fanwege peaskemoandei

Op dizze earste moandei fan de moanne klinke de sirenes net. De sirenes bliuwe om 12.00 oere stil om't it twadde peaskedei is, dus wurdt in moanne oerslein. Op moandei 7 maaie is it loftalarm neffens de Feilichheidsregio wol wer te hearren.
Foarige moanne wienen de sirenes ek net oeral te hearren. It loftalarm wie doe net ôfgien troch in probleem mei de stroom. Dat soarge derfoar dat de klokken net mear lyk rûnen.