Brânwacht rydt út foar pantsje op fjoer yn Blije

De brânwacht is sneintejûn mei twa weinen útriden foar in brân yn in hûs oan de Krimpenwei yn Blije. Uteinlik die bliken dat it tafoel, in pantsje op it fjoer soarge foar in soad reek. De wenning is fentilearre. Meiwurkers fan de ambulânse ha de bewenner noch wol ûndersocht, mar dy hoegde net fierder behannele te wurden.