Sneinshaadklasser VV Hearrenfean wint, Snits net

vv Hearrenfean © Omrop Fryslân, Alle Jent van der Meulen
Sneinshaadklasser VV Hearrenfean hat snein goede saken dien yn de striid tsjin degradaasje. Thús wûn de ploech mei 2-1 fan direkte konkurrint DHC. Snits Wyt Swart gie yn Leidschendam ûnderút tsjin RKAVV: 3-1.
Hearrenfean
Peter de Vries sette Hearrenfean mei in frije traap op foarsprong. Flak foar it skoft makke DHC lykwols de 1-1. Hearrenfean moast it yn de lêste healoere mei in spiler minder dwaan, nei in reade kaart. Mar De Vries makke mei op 'e nij in frije traap de 2-1.
VV Hearrenfean bliuwt op it fyftjinde plak stean, mar it ferskil mei DHC is no noch mar trije punten.
Snits Wyt Swart
Keeper Broersma wie nei in lyts heal oere belangryk foar de Snitsers. Hy kearde in strafskop fan RKAVV. In pear minuten letter wie it dochs 1-0. Lomonaco skoarde. Nei it skoft wienen de kânsen op 'e nij foar RKAVV. In kertier foar tiid skoarde de thúsploech twa kear yn twa minuten. Yn de lêste minút die Bruining wat werom foar de Snitsers.
Snits Wyt Swart stiet no trettjinde.