Ark yn Ljouwerter Prinsetún makket wetter

Yn de Ark Fryslân, dy't yn de Ljouwerter Prinsetún leit, wie sneintemoarn in lek ûntstien. Oan ien kant lei it skip wat skean yn it wetter. Mei pompen hat de brânwacht it wetter fuortpompt. Troch in technysk mankemint wie it lek yn de tank ûntstien. "Gelokkich wienen we der op 'e tiid by", fertelt Geart de Vries fan Historisch Centrum Leeuwarden. "En nee, dit wie gjin 1-aprilgrap."
Yn de ark is de tentoanstelling 'Liwwadders! Our past, present and future. What's yours?' te sjen fan it Historisch Centrum Leeuwarden yn it ramt fan Lân fan taal. It is freed krekt iepene en sneon hienen al goed 800 besikers west. Der is gjin skea oan de tentoanstelling. "We wolle graach iepen, want der binne in soad toeristen dit peaskewykein en dy wolle we wol ûntfange."
De tentoanstelling is snein, neffens planning, om 13.00 oere iepengien.