Keizer (87) bringt boek út mei oarlochsferhalen út Bûtenpost

Yn Bûtenpost is sneontemiddei in boek presintearre mei fyftich ferhalen oer de Twadde Wrâldoarloch yn Bûtenpost. De ferhalen binne skreaun troch âld-ûnderwizer Jasper Keizer (87) en wiene de ôfrûne jierren yn de doarpskrante fan Bûtenpost te lêzen.
Stichting Oud-Achtkarspelen besleat de ferhalen te bondeljen, sadat se net ferlern geane en nije generaasjes de ferhalen fan Keizer ek lêze kinne. Keizer krige it earste eksimplaar út hannen fan foarsitter Klaas van der Schuit fan de stichting.