NAM kriget tastimming om by Warfstermûne nei gas te boarjen

Gaswinning © ANP
De NAM hat fan minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat tastimming krigen om by Warfstermûne, yn gasgebiet Pieterzijl-Oost, nei gas te boarjen.
De NAM wol yn Pieterzijl-Oost 'fracken'. Dit is in spesjale metoade om gas út lytse gasfjilden te heljen. De NAM wol hjir noch dit jier mei begjinne. It is de bedoeling binnen sân jier it fjild leech te heljen. Fan de minister moat de NAM de gefolgen fan de gaswinning foar de boaiem en gebouwen yn de omjouwing wol goed yn de gaten hâlde.
De kommende wiken kinne minsken beswier oantekenje tsjin it ûntwerpbeslút. In wurdfierder ferwachtet dat de minister yn de earste helte fan maaie in definityf beslút nimme sil.