Piet Paulusma: "It peaskewykein fan de winterjas"

Tochten we dat it einliks maitiid wie, kinne we de winterjas, sjaal en mûtse nóch net yn de kast hingje. It peaskewykein liket nammentlik kâld en wiet te wurden. Neffens waarman Piet Paulusma sille de temperatueren dit wykein oerdeis net boppe de 10 graden út komme. Nachts kin it kwik ek noch ûnder it nulpunt gean.
En as oft dat noch net genôch is, tinkt Paulusma dat it reine sil en kin der op peaskesnein sels snie falle yn it Waadgebiet! "It wurdt it peaskewykein fan de winterjas", sa seit ús waarman. Dochs lit de sinne him ek sjen, dus it peaske-aaisykjen mei de bern kin moai tusken de buien troch. Wol goed oanklaaie fansels en de mofkes ek mar oan.
En hâld moed, want nei peaskemoandei geane de temperatueren wer omheech. Sille wy dan lang om let dochs maitiidswaar krije?