Sike Vlap noch ûnwis foar útwedstriid tsjin Heracles Almelo

Michel Vlap en Dave Bulthuis binne de iennige fraachtekens dit wykein yn de seleksje fan SC Hearrenfean. Foar de wedstriid snein, tsjin Heracles Almelo, is it noch net wis oft Vlap meidwaan kin, omdat hy dizze wike siik wurden is.
Vlap wie oproppen foar Jong Oranje en gie ek mei nei Andorra, mar spile troch de gryp net mei. Bulthuis spile dizze wike foar it earst sûnt fjouwer wiken wer mei by de beloften, mar trainer Jurgen Streppel wit noch net oft de ferdigener wer by de seleksje sitte sil.
Heracles Almelo-út is in belangryk duel foar Hearrenfean yn de striid om de play-offs. De Almeloërs steane no njoggende en hawwe ien punt mear as Hearrenfean, dat tsiende stiet. Plak acht jout rjocht op dielname oan de play-offs.
Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Woudenberg; Schaars, Thorsby, Kobayashi; Ødegaard, Ghoochannejhad en Zeneli.