Boer Bart grypt neist titel agrarysk ûndernimmer fan it jier

Boer Bart Holtrop fan Rotstergaast mei syn eigen tsiis op de BioFach © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Bartele en Rianne Holtrop fan biologysk melkfeebedriuw Boer Bart út Rotstergaast binne nét agrarysk ûndernimmer fan it jier wurden. Dy titel gie nei Peter van der Avoird fan Van der Avoird Trayplant yn Bavel, spesjalisearre yn kweekmateriaal foar ierdbeien en framboazen.
Neffens de sjuery ûntrûnen de fiif nominearren inoar hast neat. It binne allegearre bedriuwen dy't bot rjochte binne op har ôfnimmers. Peter van der Avoird wûn ek de publykspriis.