Grutste partij SDW passearre troch VVD as formaasjelieder

It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek al binne se de grutste wurden by de gemeenteriedsferkiezingen, Sociaal Duurzaam Weststellingwerf is net de partij dy't de koälysje-ûnderhannelingen liede sil. De oare partijen wolle dat de VVD de lieding nimt by de earste petearen, sa waard tongersdeitejûn dúdlik. De VVD redenearret dat SDW dan wol de grutste is, mar net de winner fan de ferkiezingen.
Sociaal Duurzaam Weststellingwerf is ûntstien út de PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk en Vrijheid Voor Allen. De VVD makke in fergeliking mei fjouwer jier lyn. Doe hiene de trije partijen mei-inoar mear stimmen as SDW no. "Bijna 1100 stemmen minder bij een hogere opkomst, de VVD heeft 231 stemmen gewonnen", sa sei VVD'er Roelof Theun Hoen oer it behelle resultaat by de ôfrûne gemeenteriedsferkiezingen. Under oare it CDA gie mei yn dy redenearring.
SDW sil wol as earste oan tafel by de VVD om te praten oer it nij te foarmjen kolleezje.