Miljoenen euro's subsydzje oanfrege foar 45 Fryske tsjerken

Tsjerke Langwar © Google Street View
De Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland hat foar 64 tsjerken subsydzje oanfrege by it Ryk. It giet yn totaal om in bedrach fan goed 2,5 miljoen euro. Foar Fryslân is it meast subsydzje oanfrege, nammentlik foar 45 monumintale tsjerken, tsjerketuorren en begraafplakken. Under oare foar de terptsjerke yn Akkrum, de Grote Kerk yn Drachten, de Jacobitsjerke yn Wommels en de Hobbe van Baerdt Tsjerke op De Jouwer. De Stichting hat ek subsydzje oanfrege foar tsjerken yn Grinslân, Drinte en Noard-Hollân.
De eigeners moatte sels ek jild op it kleed lizze. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed makket uterlik yn septimber bekend hokker tsjerken jild krije en hoefolle.