Lutz Jacobi wurdt nije direkteur Waadferiening

Lutz Jacobi wurdt de nije direkteur fan de Waadferiening. De âld-politika begjint op 1 maaie oan har nije funksje. Jacobi hat yn de tiid dat se yn Den Haag yn de Twadde Keamer siet de bynamme 'Waddenkoningin' krigen. Se makke foar elke perioade dat se yn de Keamer siet in Waadpunteplan mei de wichtichste punten foar de kommende jierren. Se is fûl tsjinstanner fan boarringen nei gas en sâlt.
"Onvermoeibaar"
"Een onvermoeibare en verbindende strijder voor het wad, los van politieke kleur", dat seit foarsitter fan de Waadferiening Kim van Nieuwaal oer de nije direkteur. "We zullen haar vaardigheden en netwerk goed kunnen gebruiken bij het nadenken over de nieuwe beheerautoriteit die er gaat komen. Bovenal zijn we blij dat we met Jacobi iemand hebben gevonden, die weet uit te dragen dat het wad van heel Nederland is."
"Geweldich"
Lutz Jacobi is berne yn Ketlik. Yn 2006 kaam se foar de PvdA yn de Twadde Keamer. Jacobi: "Ik fyn it geweldich dat ik my no as direkteur fan de Waadferiening mei in entûsjast team en mei bewenners, ûndernimmers en leafhawwers ynsette mei foar it gebiet dat my sa oan it hert giet."
De Waadferiening set him yn foar de rêst, romte en rûge natuer fan Wrâlderfgoed Waadsee. De feriening hat 35.000 leden en donateurs, dy't opkomme foar de belangen fan it gebiet.
Jacobi is ek fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de gemeenteried fan Ljouwert. Se wie listlûker foar de partij by de lêste gemeenteriedsferkiezingen yn novimber ferline jier.