Hierder Bonnemahûs wol eigener foar rjochter slepe

De hierder fan it monumintale Bonnemahûs yn Hurdegaryp wol de eigener fan de filla, feriening Hendrick de Keyser út Amsterdam, foar de rjochtbank slepe fanwege efterstallich ûnderhâld. Neffens hierder Jos Risseeuw hat it eardere wenhûs fan de ferneamde arsjitekt Abe Bonnema tefolle mankeminten. Der sitte bygelyks skuorren yn de moarmeren terrassen en it súdlike balkon hat te lijen fan betonrot. Foar de tún fan it Ryksmonumint moat neffens Risseeuw heechnedich in nij plan makke wurde, want ferskate beammen út it orizjinele ûntwerp binne der min oan ta of sels al omfallen.
Risseeuw freget feriening Hendrick de Keyser al in pear jier om de ferskate problemen op te lossen. Omdat ek oerlis oer it ûnderhâld fan de filla yn Hurdegaryp net holpen hat, hat Risseeuw feriening Hendrick de Keyser mei in daging oproppen, de ferskate mankeminten sa gau mooglik te meitsjen. Yn it gefal dat Hendrick de Keyser dat net wol of docht, soe de feriening in symboalyske twangsom fan 50 euro deis betelje moatte.
De filla yn Hurdegaryp is fan it jier 1962 en jildt as in wichtich foarbyld fan moderne arsjitektuer. De tún, in ûntwerp fan Mien Ruis, is in belangryk ûnderdiel fan it kompleks.