Azc Balk slút yn oktober de doarren: "It wie koart mar goed"
It asylsikerssintrum yn Balk giet yn oktober definityf ticht. Dat hat it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers (COA) tongersdei besletten om't der hieltyd minder asylsikers nei Nederlân komme. It COA slút dit jier alve azc's yn it lân. De kommende tiid sil it COA mei de gemeente en oare belutsenen it trajekt ynsette om de asylsikers yn it azc te ferhúzjen. Hjir wurdt royaal de tiid foar naam.
De kar foar it sluten fan de lokaasje yn Balk is neffens Henk Wolthof, distriktshaad fan it COA, in optelsom fan faktoaren. "Hjirby spylje de sprieding fan asylsikers yn Nederlân en it soart lokaasje, hier of eigendom, in rol."
"Koart mar goed"
"De opfang yn Balk wie koart, mar goed", seit boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren oer it koarte bestean fan it azc yn Balk. It azc iepene yn septimber 2016 de doarren. "Wy ha de asylsikers in kâns jûn om yn Nederlân en Balk te 'landen' en dat is goed gien", seit Veenstra. "It wie in dreech proses om ta in azc te kommen. Mar doe't it der ien kear wie, gie it goed."
Personiel azc
It lot fan it personiel yn it azc yn Balk is noch net wis. Sy binne yn tsjinst fan it COA en soene mooglik op in oar asylsikerssintrum oan de slach kinne. Dit wurdt pas letter bekend. "De stroom van vluchtelingen naar Nederland is afgenomen en ik denk dat dit een goed teken is. Voor de werkgelegenheid is het een tegenvaller. Die gaat verloren", seit Wolthof fan it COA.