Deputearre Johannes Kramer oerlibbet moasje fan ôfkarring

Deputearre Johannes Kramer hat in moasje fan ôfkarring oerlibbe. Hy krige dizze foar it stopsetten fan de oankeap fan natuer yn de provinsje. Kramer hie nea samar de oankeap fan natuer stopsette moatten. Neffens GrienLinks-fraksjefoarsitter Retze van der Honing giet de deputearre syn boekje fier te bûten om dat sûnder tastimming fan de Steaten te dwaan.
Ferline wike waard bekend dat de provinsje alle ûnderhannelingen oer de oankeap fan lân stopset hat. Neffens Kramer om't der gjin jild mear wêze soe. Neffens Retze van der Honing is dat frjemd. "It giet om belied dat yn novimber sa ynset is yn de begrutting. Dat jild is dan net samar op."
Fraachtekens oer finânsjes
Neffens Kramer is der no noch wol jild, mar is it mar de fraach oft dat genôch is. Dêrom is keazen om de oankeap tydlik stop te setten. Hy komt ynkoarten mei in nij útstel. Kramer stelt dat it ûnfatsoenlik is no troch te ûnderhanneljen mei boeren as je net witte oft je dy ôfspraken neikomme kinne.
Poerrazend
Van der Honing is poerrazend. Hy fynt it ferhaal fan Kramer bûtengewoan swak. Van der Honing fernuveret him ek oer it feit dat de koälysjepartijen neat sein hawwe. Hy wol it ûnderwerp sa gau as mooglik op de aginda fan de Steaten krije om der fierder oer te praten.
De moasje sels helle it net. Dy krige allinnich de stipe fan D66, 50-plus, de Partij voor de Dieren en de PvdA.