FIDEO: Bern yn boarterskafee, âlden de stêd yn

Lekker tegearre de stêd yn en de bern in pear oeren achterlitte by in Lego-boarterssaak. Hoe moai is dat? Heit en mem bliid, bern bliid. By de spesjale winkel 'Stenen Tijdperk', op 'e Kelders yn Ljouwert is woansdei alfêst even proefdraaid.
Ien kear yn de twa wiken kinne je de bern dêr twa oerkes bringe en dan sels winkelje. De bern kinne dan boartsje mei Lego, Duplo en Playmobil. Op de oefendei is it al aardich drok en de bern fermeitsje harren bêst. Rowan boartet mei in helikopter fan Lego en fynt it net slim as syn mem efkes de stêd yn giet. De mem fan Rowan, Fatima Jansen: "Ik kan even rustig gaan winkelen of sporten, ideaal." In oare mem fynt it al wat spannender. "Ik weet niet of ik mijn kinderen zelf zou achterlaten, maar ik vind het een goed idee, wie weet ooit", seit Marloes Peereboom.
Idwine Volbeda-Klooster is inisjatyfnimmer fan de 'winkel'. Se kaam op it idee omdat se yn Grou in kear in middei organisearre dêr't bern boartsje mochten mei Lego en Duplo ûnder begelieding. Der kamen safolle bern op ôf. "Alden fûnen it ideaal om efkes te kuierjen of te winkeljen", fertelt Idwine. Op 1 april iepenet se dêrom dizze 'beleefwinkel'. Je kinne der ek mei de bern komme om wat te iten en te drinken. Der binnen sels Lego-cupcakes te krijen.
Net allinne foar de bern is der fan alles te dwaan, ek foar folwoeksenen is de Lego moai. "Der binne in soad folwoeksenen dy't Lego ha", fertelt Idwine. Yn de winkel kinne je nije en twaddehâns Lego keapje, mar der binne ek in oantal collectors items. Dêr meie de bern allinnich nei sjen. Mocht ien thús in moai bouwurk ha, dan kin dy ek foar in perioade yn de winkel stean.