Rjochtsaak Van Seggeren: IM hat soad bewiis tsjin fertochte

Tjeerd van Seggeren is ferline jier july troch in hurd of stevich foarwerp op syn holle slein. Dêrtroch is hy om it libben kommen en dat is mei opsetsin dien. Sa die woansdei bliken yn de rjochtsaak tsjin de frou fan Van Seggeren, dy't haadfertochte is. Mooglik hat syn frou slein, mar it kin ek wêze dat in oar it dien hat. Justysje giet der ek fan út dat sy net allinnich wie.
De 37-jierrige Van Seggeren waard begjin july dea fûn yn in greide by De Westereen. Op dat plak is er ek om it libben brocht. Hy hie swiere ferwûningen oan syn holle. Hy hie derfoar in pleatslik festival besocht.
DNA
Neffens it Iepenbier Ministearje is Van Seggeren net omkaam troch in oanriding sa't lang tocht waard. De frou fan de fertochte kaam hieltyd mear yn byld. Se wie yn de buert yn de nacht fan it misdriuw. Neffens it IM binne DNA-spoaren fan de fertochte oantroffen op de klean fan Tjeerd van Seggeren. Boppedat siet DNA fan de fertochte op it geslachtsdiel fan it slachtoffer. Mooglik ha se flak foar it misdriuw noch seks hân, seit it IM. Der binne farvespoaren yn de skedel fan it slachtoffer fûn. It wienen deselde blauwe farvedieltsjes as yn de auto fan de fertochte. Neffens it IM is it motyf relaasjeproblemen. It gie der nochal heftich oan ta neffens ôfharke petearen.
Neffens de advokaat fan de fertochte is it ûndersyk te tin. "Alles wordt op bordje van mijn cliënt gelegd. Het oordeel is al geveld." De fertochte sei dat se har man net fermoarde hat.
De sittingsseal siet fol mei famylje en freonen en minsken út de omjouwing. Yn in parseferklearring hat de famylje Van Seggeren it oer "pijn, verdriet en onmacht bij de nabestaanden." Se skriuwe fierder: "de wreedheid waarmee Tjeerd om het leven is gebracht is met geen pen te beschrijven." Fierder wurdt tank sein foar alle belutsenheid dy't de famylje krigen hat. Ek plysje en resjerzje wurde betanke foar de ynset dy't dien is.