Noarmen foar lytse basisskoallen yn Súdwest-Fryslân oanpast

De basisskoallen yn de doarpen yn it eardere Littenseradiel komme de kommende fiif jier net yn gefaar. Dat ferwachtet wethâlder Stella van Gent fan de gemeente Súdwest-Fryslân. It giet om acht skoallen: Boazum, Easterein, Easterwierrum, Itens, Reahûs, Wiuwert en twa yn Wommels.
Troch de weryndieling moasten de noarmen foar lytse skoallen op 'e nij besjoen wurde. As der foar de hiele gemeente ien noarm wêze soe, soe dy op 49 komme te lizzen. In pear skoallen kinne dêr net oan foldwaan. Wethâlder Van Gent stelt no in splitste noarm foar. Yn de stêden moatte skoallen op syn minst 153 learlingen hawwe, yn de doarpen moatte der 30 bern wêze. Foar in pear skoallen is 30 bern ek al oan de hege kant, mar wethâlder Van Gent seit dat soks oplost wurde kin. Bygelyks omdat der oare regels binne as der binnen in straal fan fiif kilometer gjin oare skoalle is. Fierder kinne skoallen in fúzje oangean, om opheffing foar te kommen.
Op dit stuit binne der 60 basisskoallen yn Súdwest-Fryslân: 14 yn Boalsert en Snits en 46 yn de rest fan de gemeente. Mei yngong fan it nije skoaljier wurde dat der 55, troch fjouwer fúzjes.