Skier hat syn noch fan triljende kopkes

De gemeente Skiermûntseach sil ûndersykje oft der in proef hâlden wurde kin om elektryske bussen yn it doarp stadiger ride te litten. Bewenners oan de Middenstreek, Langestreek en Badwei op it eilân kleie der al in skoft oer dat harren huzen trilje as de elektryske bussen delride. Doarren rammelje en kopkes en pantsjes trilje op de tafel as dy foarby rydt. Dat bart tsien kear op in dei. In ûnôfhinklik ûndersyksburo hat earder al testen dien en konkludearret dat de elektryske bussen yndie trillingen feroarsaakje.
Bewenners fan Skiermûntseach koene moandei harren ferhaal kwyt oan gemeente, de provinsje Fryslân en Arriva. Dy nimme de klachten serieus en wolle sjen oft it helpt om de bussen stadiger ride te litten.