Eask 14 moannen foar wapenbesit, himp en riden ûnder ynfloed

Tsjin in man út Ljouwert is 14 moanne sel easke foar wapenbesit, belutsenheid by in himpkwekerij en riden ûnder ynfloed. De man waard oardel jier lyn oanhâlden, doe't er dronken en mei in semy-automatysk wapen op de stoel njonken him troch de binnenstêd fan Ljouwert ried. Op it buro waard dúdlik dat de fertochte ek belutsen wie by in himpkwekerij yn Grou. Dêr waarden kûgelpatroanen fûn dy't by it wapen fan de Ljouwerter hearden.
Njonken de selstraf easket justysje ek dat de man syn rydbewiis foar njoggen moanne ynleveret, omdat er al earder feroardiele is foar riden mei drank op. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.