Wurkstraf foar himpkwekerij yn Easterwâlde

(foto as yllustraasje) © Facebook Plysje Ljouwert en omkriten
In man út Zandvoort, dy't in himpplantaazje hie yn in loads yn Easterwâlde, hat in wurkstraf fan 150 oeren krigen. De kwekerij waard ferline jier febrewaris ûntdutsen. Opfallend wie dat de planten ferljochte waarden mei LED-lampen. De fertochte sei dat syn earste doel wie om it brûken fan dy LED-ljochten te testen, sadat se miskien ek te brûken wiene yn de kassen. Mar hy joech ek ta dat er al oan de tredde risping ta wie, doe't er betrape waard.
Njonken dat er in wurkstraf krige, moat de man de winst fan de ferkeap ek werombetelje oan de steat. Dy wurdt rûsd op 56.000 euro.