VVD hat noed oer útstel 5G-netwurk yn it noarden

© Omrop Fryslân
De VVD yn Provinsjale Steaten makket him soargen oer de ûntwikkelingen fan it 5G-netwurk yn it noarden. Steatsiktaris Keizer hat de tests, dy't der mei dien wurde stillein, omdat 5G de wurksumheden op it satellytpark yn Boerum fersteurt. De útrol fan 5G boppe de line Amsterdam-Swolle is dêrom foarearst útsletten.
De VVD fynt dat skande, omdat der neffens de partij krekt in soad kânsen yn it noarden binne mei sa'n 5G-netwurk. It soe tsientallen bedriuwen en startende bedriuwen nei de regio helje kinne. De VVD-fraksje freget Deputearre Steaten oft dat ek wat dwaan kin om it 5G-netwurk hjir toch op te túgjen.