Plysje siket oerfallers op It Hearrenfean

De plysje op It Hearrenfean siket twa manlju, dy't sneontejûn in wenning oan de Appelhof oerfallen ha. De manlju bellen om njoggen oere jûns oan by de wenning. Doe't de bewenner iepen die, waard hy fuortendaliks bedrige. De oerfallers woene jild ha, mar naaiden út mei in laptop, telefyzje en in mobile telefoan.
It giet om twa manlju fan sa'n 40 jier, beiden hiene in swarte joggingbroek oan. De oerfallers hiene in bivakmûtse op, mar doe't ien fan harren dy omheech luts, wie te sjen dat de man koart, stikelich hier hie.