It mystearje fan Droegeham is alwer oplost

In bytsje spitich fynt Pieter Dijkstra fan de Stjerrewacht yn Burgum it wol, mar it gat by Droegeham is net ôfkomstich fan in meteoryt. "It is feroarsake troch in flink eksplosyf. Fiif jonges ha har yntusken al meld by de plysje." Se ha mei ien of oar eksplosyf in flink gat yn it lân brând, fan wol fjouwer meter breed mei in krater fan oardel meter djip. De kluten binne sa'n 25 meter fierderop telâne kommen. "It moat in oergryslike knal west ha. Sa'n krater krijst net mei in granaat."
De boer hat net folle lêst fan it gat. It is op in achterôf stik lân, in ein fan de dyk ôf. Huzen steane net yn de buert. De fraach is no dus net mear oft it om in meteoryt of wat oars út de loft giet, mar mei watfoar eksplosiven oft dit gat feroarsake is.