Syktocht nei tegels fan Escher yn Italië
Yn Italië moat noch in ûnbekend oantal tegels lizze, ûntwurpen troch de grafysk keunstner Escher. Nei alle gedachten leit de samling yn in depot yn de buert fan Napels. Foar Escher-leafhawwers is dit moai nijs. It kaam nei boppen op in reis fan it Fries Museum nei Italië, ôfrûne wike.
Rome
Museummeiwurkers en sjoernalisten wiene nei Italië as tarieding op de tentoanstelling yn Ljouwert, de bertestêd fan Maurits Cornelis Escher. Escher hat fan 1924 ôf tsien jier yn Rome wenne, oan de Via Alessandro Poerio. Hy makke yn syn studio meast printen, lito's en houtfiken, mar hat dus ek tegels ûntwurpen en beskildere.
Tegels
De tegels hawwe in line-patroan yn read mei grien of yn read mei blau. Ea binne by feilinghûs Kuyper yn Haarlem tsien fan sokke tegels feild, mar it wie by samlers net bekend dat der méar tegels binne. Yn it hûs yn Rome lizze fjouwer tegels op it oanrjocht op de boppeste ferdjipping. Oare tegels binne opslein yn in depot yn in doarp by Napels. De hjoeddeistige eigener fan it hûs wol se lykwols wer ophelje nei it appartemint yn Rome, hy wol se lykwols net ferkeapje of fuortjaan.
Escher-kolleksjoneur Federico Giudiceandrea, dy't ek meiwurket oan de Escher-tentoanstelling, is tige bliid mei dit nijs dat der mear Escher tegels binne.