Earste ljipaai gemeente Hearrenfean twa kear fûn

Matthijs van Nijen (links) en Wietse Jan Dijkstra © BFVW
Betizing yn de gemeente Hearrenfean oer de fynst fan it earste ljipaai. Sawol Matthijs van Nijen as Wietse Jan Dijkstra tochten dat sy it earste ljipaai fûn hiene. It die bliken dat it aai fan Van Nijen al op freed fûn waard, mar dat dit net goed melden waard by de fûgelwacht. Dêrtroch bleau it frije fjild gewoan iepen.
Dijkstra koe hjirtroch sneon ek in earste aai fine. Nei oerlis mei beide finers is besletten dat beide troch boargemaster Tjeerd van der Zwan huldige wurde sille. Dêrby wurdt fermeld dat Van Nijen it earste ljipaai fûn en Dijkstra it twadde.
Ek it earste ljipaai fan Achtkarspelen waard dit wykein fûn. Dit barde sneontemiddei yn in greide by De Harkema. De finer fan it aai is de 27-jierrige Remco Hamstra fan De Rottefalle. De âld-ynwenner fan De Harkema, dy't lid is fan de fûgelwacht Stynsgea-Surhuzum, fûn it aai sneon om in oere as seis yn de middei.