13-jierrige fytser ferstoarn nei ûngelok op It Hearrenfean

© CAMJO Media
De 13-jierrige jonge út Aldeboarn, dy't earder dizze wike belutsen wie by in ferkearsûngelok op de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean, is ferstoarn. Dat hat de plysje bekendmakke.
Woansdeitemoarn kaam de jonge yn botsing mei de auto mei oanhingwein fan in 54-jierrige ynwenner fan Oranjewâld. It slachtoffer wie op dat stuit op de fyts ûnderweis. De automobilist moast fan de Ljouwerterstrjitwei nei de Windas, en stuts dêrby it fytspaad oer. Dêr gie it mis. De jonge fytser is fuort nei it sikehûs brocht, dêr't hy sneontejûn oan syn ferwûningen ferstoarn is.