Tûzenen euro's ophelle by grutte ferkearskontrôle

De plysje hat freedtejûn by in grutte ferkearskontrôle op de sneldiken yn Noard-Nederlân fjouwer automobilisten oanhâlden. Twa fan harren foar it yn besit hawwen fan ferdôvjende middels, ien foar it riden mei alkohol op, en ien foar it riden sûnder rydbewiis. Ek koe der yn totaal 6.700 euro oan ûnbetelle boetejild ophelle wurde. Ien bestjoerder moast noch 1200 euro oan boetejild betelje. Hy koe dit net fuortendaliks dwaan en moast dêrom syn auto ynleverje.
Belesting
Ek de belestingtsjinst hie in finansjeel goede jûn: sy koene by de kontrôle hast alvetûzen euro oan belestingskuld ophelje. Ek waarden twa auto's yn beslach naam. Sechstjin bestjoerders krigen in proses-ferbaal om't harren wein net in jildige APK hie, of net fersekere wie.
De kontrôles wiene op de A6 by De Lemmer, de A32 by It Hearrenfean, en de A7 by Boalsert.