FNP-steatelid 'skokt' fanwege flecht Katalaanske politika

FNP-steatelid Sybren Posthumus is "yn skok", sa lit er syn kontakten op Facebook wite. Posthumus is skokt oer de flecht fan de bekende Katalaanske politika Marta Rovira nei Switserlân. Posthumus hat lang mei Rovira yn it bestjoer sitten fan de Europeeske Frije Alliânsje EFA en ken har goed. "Se hat har lân no ferlitte moatten, oars wie se ek yn de finzenis kaam foar it uterjen fan har miening. It is no safier dat sawat de hiele top fan de Esquerra Republicana de Catalunya (ERC) achter de tralys sit of flechte is. En de EU? Dy hâldt him stil." De ERC is ien fan de pro-ûnôfhinklikheidspartijen fan Kataloanië.

De FNP stjoerde de ôfrûne hjerst in protestbrief oer de situaasje yn Kataloanië nei de Nederlânske minister fan Bûtenlânske Saken. Dy skreau doe yn it antwurd dat Spanje "een stabiele rechtsstaat is" en goed by steat is om de problemen sels op te lossen. Rovira moast freed ferskine foar it heechgerjochtshôf yn Madrid op beskuldiging fan 'rebellearjen tsjin Spanje en it misbrûk fan iepenbiere fûnsen'. Dêrfoar kin se yn teory in straf fan 30 jier sel krije. Rovira hold der earnstich rekken mei om opsluten te wurden en hat der dêrom foar keazen om nei Switserlân te gean. "Fuortgean is dreech, mar is de iennichste wize om myn frijheid fan mieningsutering te behâlden", skreau Rovira yn in brief.

Rovira is al de sande politikus út Kataloanië dy't frijwillich yn ballingskip giet. Earder giene presidint Carles Puigdemont en fjouwer fan syn ministers nei België. De liedster fan de radikale partij CUP, Anna Gabriel, gie koartlyn al nei Switserlân.