Michel Vlap langer by seleksje Jong Oranje

Michel Vlap (hjir op argyffoto) moast de wedstriid tsjin Andorra ôfsizze fanwege de gryp © www.orange-pictures.nl
Jong Oranje-bûnscoach Art Langeler hâldt Michel Vlap fan Snits in pear dagen langer by de seleksje. De spiler fan sc Hearrenfean sit sadwaande ek by de ploech wannear't se de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Andorra spylje.
Vlap debutearre tongersdei by Jong Oranje yn de oefenwedstriid tsjin Jong België (4-1 ferlies). Dêrnei soe er oanslute by de seleksje fan Oranje ûnder de 20, mar de bûnscoach hat him dus graach wat langer by Jong Oranje. PEC Zwolle-spiler Philippe Sandler hie him nammentlik ôfmeld.
De útwedstriid tsjin Jong Andorra is takom tiisdei.