Keninklike ûnderskieding foar Suzanne Schulting
Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, fanwege har súkses op de Olympyske Spelen. Schulting wûn yn Súd-Koreä goud op de 1000 meter.
Ek oare gouden medaljewinners waarden riddere. Se krigen de keninklike ûnderskieding út hannen fan sportminister Bruno Bruins. Sven Kramer en Ireen Wüst hiene al in lintsje en krigen dêrom in byldsje.
De Nederlânske olympyske en paralympyske sporters wurde freed offisjeel huldige yn Den Haag. Der wie earst in spesjaal byienwêzen yn de Grote Kerk dêr. De medaljewinners binne dêrnei ûntfongen troch de kening en de keninginne, yn paleis Noordeinde.