SportCast: Wat kinne Hearrenfean en Cambuur noch berikke?

De ein fan it fuotbalseizoen is yn sicht. En dat betsjut dat it der op oankomt foar SC Hearrenfean en SC Cambuur. Nei in wikseljend seizoen foar beide Fryske klups, kinne se beide noch mei in posityf gefoel de simmer yn: hellet Hearrenfean de play-offs om Europeesk fuotbal? En kin Cambuur noch wat plakken klimme om mei te dwaan oan de play-offs om promoasje? Dan moat der noch wol wat gebeure, want Hearrenfean stiet tsiende yn de earedifyzje en Cambuur stiet op it tolfde plak yn de Jupiler League.
Nei de simmer
En hoe komt it nei de simmer? De Feansters sykje noch in nije trainer en fan mar leafst santjin Cambuurspilers rint it kontrakt ôf.
Yn ús twadde SportCast sjogge sjogge Hearrenfeansaakkundige Arjen de Boer en Cambuurwatcher Geert van Tuinen werom en foarút. Under lieding fan Jantine Weidenaar meitsje se de balâns op foar de beide Fryske profklups.